navigatiebalkStevenskerkActueelStevenskerkStevenskerkStevenskerkStevenskerk
    < Predikanten 1814–1944 >

Dr. Sijo Kornelius Thoden van Velzen

 dr. Thoden van Velzen

(* 1809, † 1900)

“It tredde stânplak wier Nijmegen. Dêr waerd de forkindiging fen it Evangeelje iepene mei it apostolysk wird: Mar wy hawwe de skat yn ierden fetten, dat de einleaze krêft fen God wêze mei en net út ús (2 Kor. 4:7). Bitter ûnderfoun er dy wierheit yn eigen hûs, do’t er 9 Oktober 1844 syn beminde frou Aleida Tonckens Nienhuis, de mem fen syn fjouwer bern (…) to hôf bringe moast. Hy bitocht hjar mei in Treastrede oer 2 Kor. 1:3–7. Boppe folle oaren hat yn dy tjustere dagen him ta treast en stipe west ien fen de Réveilmannen, dêr’t er it net fen forwachte hie, Mr. J.J.L. van der Brugghen, dy’t lid wier fen ’e rjuchtbank, dy’t ien fen de stifters west hat fen de opliedingsskoalle for Christlike ûnderwizers op ’e Klokkenberch (1844) en yn 1856 minister waerd fen Binnenlânske Saken. Alhowol âlderling, kaem er by van Velzen net folle yn tsjerke. Dy stie him tofolle, sa’t er sei, ûnder ynfloed fen Plato. Mar by it ôfskied yn 1846 bikende v.d. Brugghen golwei: “It moeit my nou, en ik forwachtsje dat der fen jimme Christosintryske rjuchting yette ienris gâns heil útgean scil for de Herfoarme tsjerke.” Van Velzen seach to Nijmegen mei goud bikroand syn priisforhanneling for it Haechsk Genoatskip oer de trochgeande wirking fen de Hillige Geast as in libbensbigjinsel út God, dêr’t de minske neffens syn oanliz fetber en ornearre for wier. Hat de minske dat opnommen, dan wirket it net as in frjemd mar as in eigen libbensbegjinsel dat him fiere kin ta de hichte fen seedlik libben, hwerop ynderlike needwindichheid gearfalt mei de heechste ynderlike frijheit. Syn learmaster van Oordt achte it stik in oanmerklike winst for de wittenskip en it Christlik ynsjuch (W. in L. 1845, 547–619).” (G.A. Wumkes, ‘Dr. Sijo Kornelius Thoden van Velzen’, in: G.A. Wumkes, Paden fen Fryslân. Samle opstellen IV, Bolsward: A.J. Osinga, 1943, 558–578, 565–566).